Ids van der Ende Partij 2013

Nei inkele drok besochte partijen wie it op sneon 24 augustus gjin topdei foar KF Jacob Klaver. Nei wat tillefoantsjes en Whatsappkes stienen der 10 minsken op'e list. Net in soad, mar fan de hurde kern moatte je it hawwe, dus wy binne bliid mei disse minsken.

Der waard keatst yn in poule fan fjouwer. Twa trijetallen en twa twatallen. Alles wie tige oan inoar weageen ik tink dat der gjin dei yn'e skiednis fan KF Jacob Klaver is, wer sa faak 6 - 6 keatst is. Yn'e earste omloop moasten Baukje Stienstra en Wisse Arendz it opnimme tsjin Jelmer van der Valk, Jehannes Arendz en Jolt van der Veen. Nei in lytse foarsprong foar Baukje en Wisse, wienen it de trije J's dy de buordsjes pakten en op in 5 - 2 foarsprong kamen. Dernei begun it twatal oan de come-back. Mar it blykte te let te wezen. Op 5 - 4 en 6 -6 gie de winst nei Jelmer, Jehannes en Jolt. De twadde wedstryd út de earste omloop waard spyle tusken Sander Hageman en Bregt Arendz tsjin Pieter Klaversma, Hedwich Stienstra en Reinder Bonekamp. Ek hjir gie it lyk op, de buordsjes waarden om en om ferdield oant it momint dat Sander en Bregt op 3 - 3 twa boardsjes op rij pakten. It ferset wie brutsen en it twatal wun de wedstryd mei 5 - 3. Hjirmei stienen Sander en Bregt mei ien tsjinearst minder boppeoan yn'e tuskenstan. Dernei gienen de partijen tusken de winners fan de iene partij tsjin de ferliezers fan de oare partij tsjin inoar. Pieter, Hedwich en Reinder lieten sjen noch steeds foar de krans te gean en wunen mei 5 - 3 fan Jelmer, Jehannes en Jolt. Ek Baukje en Wisse woenen sich sjen litte, mar nei in foarsprong fan 2 - 1 foel de partij de oare kant op en kamen se mei 5 - 2 efter. Se kamen noch wol werom oant 5 - 4, mar moasten toen wer belies jaan. De letste partijen wienen dus beslissend, der wienen noch trije petoeren dy foar de krans koenen gean. Sawol de petoeren fan Pieter, Jelmer en Sander hienen in oerwinning nedich om de krans te fertsjinjen. Jelmer, Jehannes en Jolt hienen in doel foar eagen en gienen derfoar. Se stienen binnen in mum fan tiid 3 - 0 foar. Mar dat wie it ek. Sander en Bregt kamen by en derderden troch nei in 5 - 3 foarsprong. It waard noch 5 - 5, mar it twatal hie de krans sjoen en woe him no ek binnen helje. Mei trije winstpartijen wie it dúdlik dat Sander en Bregt mei de krans en it Jacob Klaver wynpakket nei hús soenen gean. De oare partij wie ien foar it twadde plakje. Pieter, Hedwich en Reinder hienen de krans al oan harren neus foarby sjoen gean, trochdat Sander en Bregt net fersaakten. Mar mei in winstpartij koe de Jacob Klaver handdoek noch yn harren besit komme. Baukje en Wisse hienen twa partijen ferlern en woenen yn de tredde pot sjen litte ek winne te kinnen. Dat slagge en dermei gie it twadde plakje nei Jelmer, Jehannes en Jolt. Der wienen miskien mar 10 minsken, der wie gesellichheid foar 20. Moaie partijen, moai waar.. Mei oar jier wat mear minsken kin dit de toppartij wurde fan KF Jacob Klaver! Oant de Lytse PC en it alder bern keatsen!

Geplaatst op 27 August 2013